Minima litte jild lizze

26 nov 2008 - 19:14

Der wurdt hast gjin gebrûk makke fan it ekstraatsje fan 50 euro dat it Ryk jout oan minsken mei in minimumlean. Dizze konklúzje lûkt de sosjale tsjinst Súdwest Fryslân.

Fan de 1000 gesinnen dy't yn oanmerking komme foar dizze regeling, ha der noch mar tsien in oanfraach dien. De 50 euro is bedoeld as bonus foar de djoere krystdagen. Minsken yn de bystân krije it bedrach automatysk, mar dy oare groep moat in oanfraach yntsjinje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)