Steaten akkoart mei 80 miljoen

Mearderheid stimt yn mei 18 miljoen ekstra
Provinsjale Steaten geane akkoart mei de ekstra kosten foar de ferbou en nijbou fan it provinsjehûs. By de gearkomste yn de steaten woansdei hawwe PvdA, CU en VVD unanym ynstimd mei de goed 18 miljoen euro dy't de bou mear kostet. Yn totaal sil it nije provinsjehûs hast 80 miljoen euro kostje.
By it CDA stimden trije fan de alve CDA-ers tsjin: Jan From, Geart Benedictus en Rendert Algra. Sy fine de 80 miljoen euro te folle.