Tsjin militêren yn Afganistan

26 nov 2008 - 14:58
Foto: Omrop Fryslân

In lytse mearderheid fan de Friezen is no tsjin de pleatsing fan Nederlânske militêren yn Afganistan. Sa docht bliken út in enkête ûnder 1100 Friezen troch Tumba, it sintrum foar gelikense behanneling en wrâldboargerskip.

Deselde enkête is ferline jier ek al ris hâlden. Doe hâlden de foar- en tsjinstanners elkoar noch yn lykwicht. Tongersdeitejûn organisearret Tumba mei de fleanbasis Ljouwert in gearkomst oer dit ûnderwerp yn it Natuermuseum.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)