Skripsjeprizen foar studinten

26 nov 2008 - 11:54

Fiif studinten fan Stenden University, NHL en Van Hall Larenstein yn Ljouwert krije woansdei in priis foar de skripsje dy't se skreaun hawwe. De priis, 750 euro, krije se fan it Theo van Welderen Rengersfonds.

Baron Van Welderen Rengers wie oprjochter fan de Koöperative Voorschot- en Spaarbank Trynwâlden, dy't letter opgie yn de Fryslân Bank. Syn besit is oan it fûns neilitten. Fan it kapitaal moat de ekonomyske wolfeart yn Fryslân stimulearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)