Wâldrock ek yn 2009

26 nov 2008 - 11:28

Wâldrock giet troch. It Burgumer metalfestival Wâldrock sil 13 juny takom jier syn 22ste edysje belibje. Lang waard der twivele, mar de organisaasje hat no definityf besletten troch te gean.

De earste nammen binne ek bekend makke. Motorhead en Heaven and Hell binne fêstlein. Der komt noch in grut tal bands by, want it is de bedoeling dat der wer trije poadia komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)