Biskop: kommersje net ôfwize

26 nov 2008 - 11:09

It is net de taak fan de katolike tsjerke om de kommersje mei Krysttiid te feroardieljen. Dat skriuwt de nije biskop fan Grins-Ljouwert, Gerard de Korte, yn syn saneamde Adventsbrief.

De Korte fynt net dat de tsjerke swije moat oer de greep dy't de kommersje op it krystfeest hat, mar moderne krystgebrûken ôfwize hoecht om him ek net. Hy wiist derop dat in protte minsken, ek leauwigen, ferlet ha fan gesellichheid, krekt yn de tsjustere desimbermoanne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)