Utslach ferkiezings letter

De útslach fan de ferkiezings foar it wetterskipsbestjoer komt letter. It bedriuw dat de stimmen foar de wetterskipsferkiezings telt, hellet de deadline net. Alle dykgraven binne tiisdei nei Den Haach roppen foar oerlis yn sân hasten.
Tongersdeitejûn soe de útslach feestlik bekend makke wurde, mar de firma hat 60 oeren mear nedich. By Wetterskip Fryslân is mei ferbjustering reagearre. De bekindmakking is oant sneon útsteld.