Nes op Amelân wurdt autofrij

25 nov 2008 - 16:00

Der meie gjin auto's mear troch de buorren fan Nes op It Amelân ride. Der wurdt al 20 jier praten oer it kearen fan auto's en bussen út it doarpshert fan Nes. De gemeente lûkt no 80.000 euro út om de strjitten oan te pakken, buorden del te setten en ekstra parkearplakken oan de râne fan it doarp oan te lizzen.

Allinne foar taksys jûns let wurdt in útsûndering makke: nei 11 oere jûns meie dy wol nei de hoareka ta. Ek foar ynfaliden jildt it ferbod net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)