Straf foar te betiid fjoerwurk

25 nov 2008 - 15:56

It projekt Halt is tiisdei wer út ein set. Jeugd dy't te betiid fjoerwurk ôfstekt of mei yllegaal fjoerwurk pakt wurdt, krijt in wurkstraf. Se moatte dan fjoerwurk oprêde yn de earste wike fan jannewaris. Ferline wike al binne de earste twa jongeren mei fjoerwurk oppakt.

Jeugdoffisier Petra Hoekstra joech op it Comenius yn Ljouwert it startskot fan de kampanje mei in knal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)