Eint Elzinga stapt net op

25 nov 2008 - 09:54

Bestjoersfoarsitter Eint Elzinga fan soarchgroep Pasana stapt net op. De medysk spesjalisten fan sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum ha dêr wol om frege. It sikehûs makket diel út fan dizze soarchgroep. De spesjalisten ha gjin betrouwen mear yn de ynterim bestjoersfoarsitter.

Se rekkenje him in boekhâldkundige flater oan wêrtroch it sikehûs mei in grut finansjeel tekoart sit. Elzinga is bot teloarsteld yn de hâlding fan de medyske staf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)