Kantinekonsert Strawelte by OF

De Fryske willepunkband Strawelte komt nei 20 jier noch ien kear byelkoar foar in reuny. Alle konserten fan 'e band út de Wâlden binne útferkocht, it boek leit yn de winkels en Omrop Fryslân makke in dokumintêre.
Mar der komt noch in unyk momint oan, want kommende freed sil Strawelte noch ien kear foar de radio optrede. Jûns tusken 19.00 en 20.00 oere yn de kantine fan Omrop Fryslân. Neist it optreden wurdt ek praat mei fans, bandleden en spesjale gasten.