Boris Orlov nei It Hearrenfean

Turncoach Boris Orlov nei It Hearrenfean
Boris Orlov wurdt turntrainer by Sportstêd Hearrenfean. Hy wie turncoach by it Nederlânse bûn. Orlov begjint 1 desimber op It Hearrenfean en sil dan ek wer topturnster Suzanne Harmes traine. Dat wie ek yn Nijmegen it gefal.
Neffens Tjisse Wallendal sil de Rus in wichtige rol spylje yn it ferbetterjen fan de topsport op It Hearrenfean. Sa kin hy bygelyks de jonge trainers lykas Gerben Wiersma de kneepkes fan it fak bybringe.