Griene scooters yn Ljouwert

24 nov 2008 - 16:40

Scooters binne meastentiids net miljeufreonlik, mar yn Ljouwert komt in fabryk dat elektryske scooters makket. It giet om saneamde Ecomovers.

De scooters binne better foar it miljeu, mar dat komt der pas út as in soad minsken ien brûke. En dêrfoar moat de scooter der ek nochris goed útsjen. Minister Cramer fan Miljeu joech fiif learlingen fan skoalmienskip Piter Jelles, dêr't se moandei op wurkbesite wie, de opdracht om de scooter 'cool' te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)