Klaas-Jan Bolt is frij

© Omrop Fryslân
Klaas-Jan Bolt is moandei troch de rjochter-kommissaris yn Grins op frije fuotten steld. Neffens de rjochter-kommissaris hat Bolt lang genôch yn de sel sitten. De Harnzer frachtweinsjauffeur Bolt waard yn Frankryk ta fiif jier selstraf feroardiele fanwege drugssmokkel. Dêrfan hat er trije jier útsitten.
Begjin desimber wurdt bepaald oft de Harnzer de rest fan syn straf yn Nederlân noch úttsjinje moat. Syn advokaat ferwachtet fan net.