'Spoarline H'fean-Grins kin'

De spoarline tusken It Hearrenfean en Grins oer Drachten kostet 580 miljoen euro en is helber. Dat docht bliken út in ferkenningsûndersyk. Ut it ûndersyk blykt ek dat der genôch reizgers wêze sille op it trajekt.
Dy útkomsten binne in opstekker foar de provinsje en de gemeente Smellingerlân. Sy fine dat de spoarline der sa gau mooglik komme moat. De folgjende stap is om neier te ûndersykjen hoe helber it plan is en dat de kosten ek yndekseard wurde.