Help SW-Fryslân stiet faai

© Omrop Fryslân
De húshâldlike help oan 2500 minsken yn 'e Súdwesthoeke stiet faai, omdat de ûnderhanneling oer de fergoeding tusken de gemeenten en de thússoarchorganisaasje speak rinne.
De kliïnteried fan Thuiszorg Zuidwest Friesland hat in brânbrief stjoerd nei de gemeentebestjoeren. Sûnt 2007 betelje gemeenten foar de help en sûnt dy tiid wurdt ferlies makke, omdat de soarch mear kostet as de gemeenten bijdrage. Mar de gemeenten wolle net mear jild beskikber stelle.