Strop winkellju Westergeast

Westergeast is wol te berikken, sizze de ûndernimmers
De ôfsluting fan de Stroobossertrekwei draait út op in finansjele strop foar de winkellju oan de Simmerwei yn Westergeast. Troch it wurk oan de dyk tusken Kollum en Dokkum komme der minder klanten by de bedriuwen en winkels yn it doarp. De winkellju komme dêrom no yn aksje.
Ien kear yn de 14 dagen pleatse se in advertinsje yn 'e krante mei it boadskip dat se dochs goed te berikken binne. Ek stiet der in rûtebeskriuwing by hoe't minsken ride moatte.