Fryske delegaasje yn Mozambyk

24 nov 2008 - 10:36

De 31 Fryske gemeenten, Vitens en de provinsje Fryslân stekke de kommende moannen goed 2,4 miljoen euro yn it bringen skjin drinkwetter yn it Súd-Afrikaanske lân Mozambyk.

Ek wolle de Friezen helpe by it oanlizzen fan rioelearing. De help sit benammen yn it oerbringen fan kennis fan Fryslân nei Mozambyk. Op it stuit is in Fryske delegaasje op en paad by de Sambesirivier yn it Afrikaanske lân. Dy moat sjen wat se krekt foar Mozambique betsjutte kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)