Auto fan 'e dyk troch glêdens
Op de Archipelwei yn Ljouwert is sneintejûn in auto fan 'e dyk rekke troch de glêdens. De bestjoerder fan 25 jier hie de macht oer it stjoer ferlern en bedarre tsjin in beam. Hy en syn byrider rekken ferwûne. Se binne nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.
Op de dyk lei in flinke plasse oalje. Dat moast letter noch opromme wurde.