Trein nei Stienwyk rydt wer

© Omrop Fryslân
Troch in oanriding ha de treinen tusken Ljouwert en Zwolle moandei lang lest hân fan slimme fertragings.
Tusken Wolvegea en Stienwyk wie in persoan ûnder de trein kommen. It ûngelok gebeurde op de krusing mei de Domeinenwei by Wolvegea. Tusken Wolvegea en Stienwyk rieden dêrom gjin treinen. Reizgers moasten rekken hâlde mei in fertraging fan mear as in oere. Tsjin alven kaam it treinferkear wer op gong, mar noch wol mei de nedige fertragings.