Boek oer Ljouwerter popmuzyk

23 nov 2008 - 15:22

Dirk Kamminga hat in boek gearstald oer de skiednis fan de popmuzyk yn Ljouwert. It boek hjit 'Sixties onder de Oldehove' en wurdt op de jûn mei deselde namme op 19 desimber yn konsertsintrum Schaaf presintearre.

Yn it 184 siden dikke boekwurk stean 118 Ljouwerter bands fermeld mei nijsgjirrichheden en moaie foto's. It boek giet deselde jûn al yn de ferkeap. Der heart in CD by mei autentike opnames fan Ljouwerter bands út de jierren sechtich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)