Suderpier Harns ôfsletten

23 nov 2008 - 13:21

De Suderpier yn Harns is fan 't winter ôfsletten foar publyk. De wurksumheden oan de pier lizze stil yn ferbân mei it stoarmseizoen. Dochs wol de gemeente de pier net iepen stelle, omdat dat ûnfeilich wêze soe.

Op de pier lizze rydplaten en dy binne tige glêd. Wannear't der oer hinne rûn wurdt, kin dat ta gefaarlike situaasjes liede, sa tinkt de gemeente. Ek de dyk sels is op guon plakken net feilich. Nei 1 april wurdt der fierder wurke oan de Suderpier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)