Hearrenfean wol Sweedske spits

22 nov 2008 - 18:11

Sportklub Hearrenfean hat ynteresse yn de Sweedske spits Patrick Ingelsten fan Kalmar FF. De Sweedske website Fotbollskanalen meldt dat de spiler en de klub sels al yn fiere ûnderhânneling binne oer de komst fan de 26-jierrige spits.

It seizoen yn Sweden is krekt dien en Ingelsten waard mei 19 doelpunten topscorer. Ingelsten is ploechgenoat fan Viktor Elm, dy't yn desimber nei Hearrenfean komt. Kalmer waard dit seizoen kampioen fan Sweden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)