Arsjitektuerpriis útrikt

22 nov 2008 - 17:56
It kantoar fan de wenningboukorporaasje

It nije kantoargebou fan wenningboukorporaasje Noardwest-Fryslân yn Sint Anne hat de Fryske arsjitektuerpriis Vredeman de Vries wûn. De sjuery wie unanym oer it ûntwerp fan GDA Arsjitekten Burdaard.

It wie it beste ûntwerp fan de fiif nominearren omdat de arsjitekt der, neffens de sjuery, yn slagge is om alle fasetten fan de arsjitektuer te benutten. Dêrom is der sprake fan in allround ûntwerp fan it kantoar, fan binnen likegoed as fan bûten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)