ARK fan Fryslân yn gebrûk naam

De ARK fan Fryslân (foto: Jacco de Boer)
De 'ARK fan Fryslân' dy't by de Harmonie yn Ljouwert leit, is sneon offisjeel yn gebrûk naam troch it 'Centrum voor Architectuur & Ruimtelijke Kwaliteit'. It liket in skip dat op syn kop leit. De ARK falt op troch syn foarm en aluminium kleur.
De namme Ark docht tinken oan it ferhaal út de bibel oer Noach en de bisten dy't de sûndfloed oerlibben. Dy relaasje is der neffens ARK ek, want ek de arsjitektuer en romtlike oardering ha it dreech yn de provinsje.