Frou botst tsjin beam

22 nov 2008 - 13:54

Op de A7 by Drachten is yn de nacht fan freed op sneon in 25-jierrige frou út Nuis ferwûne rekke doe't se yn in hagelbui yn de slip rekke.

Se botste tsjin in beam oan, mar sa waard foarkommen dat se yn de brede feart neist de dyk telâne kaam. Se is mei boarst- en nekklachten nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)