447 Smookkontrôles yn Fryslân

Smoke mei allinnich noch bûten...
De VWA hat fan july oant heal novimber 447 smookkontrôles útfierd yn Fryslân. Dêrby waarden 31 boetes útdield en trettjin bedriuwen krigen in warskôging. De lêste wiken wurde der foaral by kafees bekeurings útdield. Sûnt 1 july mei der yn de hoareka net mear smookt wurde.
Hast sechtich persint fan de kafees dy't nei 1 oktober kontrolearre waarden, krige in boete. Mear hjiroer sneontejûn yn it Omrop Fryslân televyzjeprogramma SneonS.