Edelherten op Skylge

De herten op Skylge binne edelherten. Dat docht bliken no't der foar it earst fan tichtby foto's fan de bisten makke binne troch jager Jan_Smit. Earst waard der ek noch tocht dat it gean soe om damherten.
Fannewike waarden de herten foar it earst sinjalearre. Yntusken is noch hieltyd net dúdlik hoe't se op it eilân komme of wa't der mooglik achter sit. De plysje is noch dwaande mei in ûndersyk dêrnei.