Ekstra maatregels Foarwei

© Omrop Fryslân
De gemeente Kollumerlân wol ekstra maatregels nimme om de Foarwei yn Kollumersweach noch feiliger te meitsjen. Dit nei oanlieding fan in evaluaasje fan de rekonstruksje fan de dyk twa jier lyn.
De ferkearssituaasje op de Foarwei is al bot ferbettere, mar út de evaluaasje docht bliken dat der noch wol ferbetterpunten binne en dêr moat de rie no oer te set. Doel is mei beammen en maatregels de faasje omleech te bringen.