Gemeente tsjin seksbuorkerij

Der komt gjin eroatyske massaazjesalon yn it buertskip Warniahuzen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim fiele neat foar in seksbuorkerij yn it buorskip by Aldeboarn.
Eksploitante Wilma van der Heide fielt har mislaat troch de gemeente, sy miende dat de gemeente achter har plan stie. Wethâlder Mieke Minkes seit dat it plan yn striid is mei it belied dat seksbedriuwen net by doarpen komme meie.