Gjin trein Hearrenfean-Meppel

© Omrop Fryslân
Der ride it hiele wykein gjin treinen tusken It Hearrenfean en Meppel. Ynstee dêrfan wurde sneon en snein bussen ynset op it trajekt.
Reizgers moatte rekken hâlde mei in ekstra reistiid fan 30 minuten. Tusken Ljouwert en It Hearrenfean rydt it hiele wykein twa kear yn it oere in stoptrein. De stremming is it gefolch fan wurksumheden.