Bou supermerken stap tichterby

21 nov 2008 - 21:05

De bou fan twa nije supermerken oan de Ljouwertwei yn Frjentsjer is in stik tichterby kaam. De gemeente en projektûntwikkelder Burggraaff út Ljouwert ûndertekenden freed de earste kontrakten.

At de gemeenteried akkoart giet mei de plannen, dan kin Burggraaff fan start gean mei de bou fan in Albert Heijn en in Lidl. Dizze komme op it terrein fan it âlde Tramstasjon. It stasjongebou giet fuort, mar wurdt wer opnij opboud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)