Nij klubhûs iisklub Snits

21 nov 2008 - 17:14

De nije akkomodaasje fan iisklub Snits is freed iepene troch foarsitter Jacob Akkerman en wethâlder Andries Ekhart. It binne bysûndere gebouwen allinnich al troch de wize werop der foar betelle is. Want fan 'e 350.000 euro dy't bestege is, komt 280.000 euro út de neilittenskip fan Dicky van der Werf. En dat jild is allegearre bestege oan de nije gebouwen.

Dy gebouwen binne net allinnich foar de iisklub, mar ek foar oare ferienings en klubs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)