Min waar: F-16 bliuwt oan grûn

© Omrop Fryslân
De demonastraasjefluchten fan 'e fleanbasis Ljouwert geane fanwege it minne waar freed net troch. De fluchten soene hâlden wurde fanwege de fiering fan it 60-jierrich bestean fan it 323-tactes-squadron. Dat liedt piloaten op ta wapenynstrukteur. Ek hâldt it squadron him dwaande mei nije techniken op it mêd fan wapensystemen.
Fanwege it jubileum soe der freed in demonstraasje jûn wurde mei in F-16. Dy demonstraasje is skrast. Wol is der in reuny hâlden foar âld-meiwurkers.