Alde munt fûn op It Amelân

In muntstik út de tsiende ieu is de wichtichste fynst op de tongersdei hâlden Avond van de Verdronken Geschiedenis op It Amelân. Eilanners koene strân- en boaiemfynsten ynbringe dy't troch saakkundigen besjoen waarden. De munt waard fûn op it strân by Bueren. De fynst bewiist dat der bewenning op it eilân wie yn de tsiende ieu.
Bysûnder is fierder de prehistoaryske bile fan bien, dy't troch in 14-jierrich jonkje fûn waard.