Keapsnein yn Achtkarspelen?

21 nov 2008 - 10:45

Middenstanners yn de gemeente Achtkarspelen sil frege wurde wat se fine fan de mooglike ynfiering fan keapsneinen. De gemeenteried fan Achtkarspelen wol hjir ynkoarten in beslút oer nimme.

Yn Achtkarspelen meie de winkels no op syn meast fiif feestdagen yn 't jier iepen wêze, útsûndere de sneinen. De ried wol graach witte wat de winkellju der sels fan fine. Boargemaster en wethâlders sille dêrom ynkoarten in enkête hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)