Man rydt troch nei oanriding

© Omrop Fryslân
De plysje fan Drachten siket tsjûgen fan in oanriding, wêrby't de feroarsaker trochriden is. Dat wie tongersdei op de Boargemeester Wuitewei. In frou (29) op in brommobyl ried fan 'e Maarten Luther Kingsingel de rotonde mei de Wuiteweg op. Se waard dêr oanriden troch in auto.
De bestjoerder dêrfan ried nei it ûngelok troch, yn de rjochting fan Beetstersweach. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha, oft se har melde wolle.