Undersyk nei Fryske plaknammen

De gemeente Frjentsjerteradiel sil ûndersykje oft der by de ynwenners genôch draachflak is foar it ferfryskjen fan de plaknammen yn de gemeente.
In mearderheid fan de ried hat hjir tongersdei ta besletten. Neffens de PvdA, FNP en ChristenUnie binne de measte minsken wol foar en soene de Fryske plaknammen sa ynfierd wurde kinne. Allinnich de nammen Franeker en Franekeradeel soene bestean bliuwe moatte.