Zonderland wis nei Madrid

20 nov 2008 - 22:29
Epke Zonderland nei Madrid

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer heart by de trije Nederlânske turners dy't wis binne fan in plakje yn de wrâldbekerfinale takom moanne yn Madrid.

Epke Zonderland, Jeffrey Wammes en Yuri van Gelder hearre op harren tastel by de bêste acht turners. Soks docht bliken út de wrâldlanglist fan de ynternasjonale turnfederaasje. Dy is tongersdei bekind makke. Zonderland stiet yn de list fan de rekstôk as sânde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)