Samenzorg net útknypt

20 nov 2008 - 21:09
Foto: Omrop Fryslân

Thússoarchorganisaasje SamenZorg is net finansjeel útknypt troch it Fryske soarchkantoar. Dat seit in wurdfierder fan it soarchkantoar. Tongersdei waard bekend dat SamenZorg twa miljoen euro skuld hat. Twongen ûntslaggen by it kantoarpersoniel wurde net útsletten.

Neffens direkteur Visch wurde thússoarchorganisaasjes finansjeel útknypt troch de oerheid en it soarchkantoar, se wurde twongen om hieltyd goedkeaper te wurkjen. It kantoar tinkt dat der oars wat mis is.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)