Crone mei prate oer drugs

20 nov 2008 - 20:27

Boargemaster Crone fan Ljouwert mei yn Den Haach gewoan freegje om legalisearing fan softdrugs. Hy hannelt dêrmei neffens de winsken fan de gemeenteried. Dat seit de PvdA yn de stêd.

De partij is fernuvere oer utspraken fan it CDA. Dy partij fynt just dat de boargemaster soks net sizze mei, omdat dêr earst oer praten wurde moat yn de gemeenteried. De PvdA seit no just dat der earder al oer praten is. In mearderheid wie dêr doe foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)