CDA: mear jild nei regio-omrop

20 nov 2008 - 18:00

De regionale omroppen moatte 15 miljoen euro ekstra krije fan it ryk en de provinsjes. Dat wol it CDA. De omroppen kinne mei it ekstra jild har programma's ferbetterje en mear dwaan mei ynternet om in jongere doelgroep te lûken. Ek kinne tsjinfallers út reklame-ynkomsten opheind wurde.

Yn it foarstel fan it CDA soene de omroppen foar ien kear trije miljoen en struktureel seis miljoen euro fan it ryk krije moatte. De provinsjes soene der seis miljoen bylizze moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)