Miljoeneskuld SamenZorg

20 nov 2008 - 16:28

By thússoarchorganisaasje SamenZorg wurde moogik minsken twongen ûntslein, as gefolch fan in miljoeneskuld. By de organisaasje wurkje 550 minsken. Dêrfan wurket de helte yn Fryslân. SamenZorg kin yn ferban mei de jildproblemen net allinnich fierder.

De klanten en alle personiel yn de soarch kinne oer nei de Kwadrantgroep en Zorggarant. Foar de 50 man personiel op kantoar moat in oare oplossing fûn wurde. Untslaggen wurde dêrby net útsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)