Fertochten rasisme al ferfolge

20 nov 2008 - 15:34

De trije fertochten yn de rjochtsaak fan geweld en rasisme yn Balk wurde wol ferfolge. In jonge waard foarich jier oktober troch 3 man mishannele en in donker famke dat by him wie waard útskolden om har hûdskleur.

Twa wike lyn gie de saak net troch, omdat bekend waard dat de plysje in ferklearring fan in tsjûge ferneatige hie. Dat hie net mocht. Mar neffens de plysjerjochter is dy ynformaasje net sa wichtich dat de saak dêrom net troch gean kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)