Ferdieldheid komst 't Poortje

In soad minsken woene prate oer 't Poortje
De polityk is ferdield oer de komst fan jeugdfinzenis 't Poortje nei It Hearrenfean, mar in mearderheid fan de ried liket foar te wêzen. Sa die woansdeitejûn bliken op in byienkomst, dêr't riedsleden en bewenners mei-inoar praten oer 't Poortje.
De massaal besochte byienkomst wie organisearre troch de tsjinstanners. De sintrale fraach wie: Wêrom moat it by ús yn de wyk? De ferdieldheid ûnder bewenners en politisy sit him benammen yn de lokaasje fan de jeugdfinzenis.