Oanriding by Dearsum

20 nov 2008 - 14:33

By Dearsum op de krusing nei Boazum en Easterwierrum hat tongersdei in botsing west tusken twa auto's. De bestjoerder fan in buske dy't de N384 oerstekke woe, seach in auto út de rjochting Dearsum oer de holle.

De brânwachtkorpsen fan Grou en Ljouwert hawwe de automobiliste út de auto befrijd troch it dak derôf te heljen. Se is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs. De ynsittenden fan it buske kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)