Baanbrekersbeurs yn FEC

© Omrop Fryslân
Yn it FEC wurdt foar de twadde kear in Baanbrekersbeurs holden. Dêr kinne wurksykjenden yn kontakt komme mei bedriuwen mei fakatueres. Der binne tongersdei 200 banen yn de oanbieding.
De gemeente Ljouwert ferwachtet de kommende tiid ekstra goed syn bêst dwaan te moatten om minsken oan it wurk te krijen. Yn Ljouwert sels nimt de wurkleazens noch altyd ôf, mar lanlik is dat yntusken oarsom. Oarsaak is de ekonomyske krisis.