Cambuur op oarlochssterkte

20 nov 2008 - 12:56

De Cambuur-seleksje is wer hielendal fit. Foar de thúswedstriid fan freed tsjin Telstar kin trener Stanley Menzo wer in berop dwaan op oanfierder Rudy Jansen. Hy wie ferine wike net ynsetber. Ek Randy Rustenberg is wer fit. De ferdigener foel ferline wike yn de wedstriid tsjin MVV út mei in lichte hamstringblessuere.

Jansen en Rustenberg begjinne beide yn de basis tsjin Telstar. Fierder komt Cambuur út yn deselde opstelling as tsjin MVV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)