Stellingwerver skriuwersprizen

20 nov 2008 - 12:22

De gemeenten West- en Eaststellingwerf besykje mear jongeren by it Stellingwerfs te belûken. Dat dogge se troch de mienskiplike skriuwersprizen dy't de gemeenten hawwe te fernijen. East- en Weststellingwef hawwe trije skriuwersprizen, dy't ien kear yn de trije jier takend wurde.

Doel is om oer te gean nei twa prizen dy't faker en los fan elkoar útrikt wurde. Sa moatte de prizen mear opfalle, benammen by de jongeren. Dy jongeren krije ek in rol yn de sjuery.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)