Opfang flechtlingen ûnder druk

© Omrop Fryslân
No't it ryk de jildkraan tichtdraaid hat, komt de opfang fan flechtlingen yn Fryslân hieltyd mear ûnder druk te stean. Foaral asylsikers dy't bûten it generaal pardon falle, krije amper help.
Ljouwert hat de grutste swierrichheden. Dêr wurde no in lytse 50 minsken opfongen. Mar ek yn Wytmarsum en De Lemmer komt it net goed sûnder ekstra jild. In gemeente as Ljouwert jout alle jierren 50 tûzen euro, mar is dêrmei in útsûndering.